Mei it godsmystearje

Diel 3 fan 'In Fryske Odyssee'

Omschrijving

Mei it Godsmystearje is it tredde boek yn de rige fan In Fryske Odyssee. Dêryn is it libbensferhaal fan Bouke Blomhof opnommen, boer oan de Fluezen by It Heidenskip. Dit ferhaal is in ûnderdiel fan tal fan oare ferhalen, libbensbeskriuwings, mytyske teksten, novellen en romans, dy’t allegear in relaasje hawwe mei it libben fan de haadpersoan. De grutte roman oer de Blomhofs is de reade trie dy’t troch it gehiel rint. Yn it earst boek, Mei it Mystearje, wurdt it libben fan Bouke beskreaun fan syn bernejierren ôf (1944) oant hy begjinnend boer wurdt (1960). It twadde boek, Mei Russyske Mystearjes, giet ûnder oare oer it libben fan Bouke Blomhof yn de jierren 1961 oant en mei 1967. Belangrike ûnderdielen yn dit boek binne de Russyske keunst en literatuer yn relaasje ta de polityk. Yn it tredde boek wurdt de libbensskiednis fan Bouke fan ein 1967 oant en mei begjin 1969 fierder beskreaun. In wichtige boarne is it Deiboek fan de boer en ‘filosoof’. It godsmystearje komt benammen nei foaren yn de beskriuwing fan kleastermienskip Iona, yn de teksten oer de ynfloed fan de evangeeljeferkundiger Columba, yn de skiednis fan It Heidenskip en yn it projekt ‘Trije-ienheid fan ferhalen’ fan de boeddhistyske muonts Chai. De auteur giet yn it tredde boek wer by guon mystearjes lâns om út te kommen by de ‘neakene wierheid’.
€ 22,95
Paperback
 
In de winkelwagen Bestel vandaag,
ontvang het binnen 5 tot 8 werkdagen.
Wenslijst Stel een vraag
In de winkelwagen Vandaag voor 20:00 besteld,
vandaag verzonden.
Wenslijst Stel een vraag
Gratis verzending vanaf
€ 19,95 binnen Nederland
Schrijver
Tjerkstra, Willem
Titel
Mei it godsmystearje
Uitgever
Aspekt B.V., Uitgeverij
Jaar
2020
Taal
West-Fries
Pagina's
314
Gewicht
514 gr
EAN
9789463389419
Afmetingen
234 x 153 x 30 mm
Bindwijze
Paperback

U ontvangt bij ons altijd de laatste druk!


Rubrieken

Boekstra