It heksershol

Halbertsma, Joast Hiddes

Omschrijving

It Hekserhol, in novelle fan Joast Hiddes Halbertsma (1789-1869), is ien fan de hichtepunten út de Fryske literatuer fan de 19e iuw. Ek yn de Nederlânske literatuer út dy tiid is der net folle dat dizze novelle belykje kin. It ferhaal beskriuwt de op- en ûndergong fan Gosse Knop, in skarlún dy’t in kontrakt slút mei de duvel. Nei de ynhâld slút it boek oan by de romantyske tradysje (byleauwe, toverkeunsten, duvels en heksen) mar de styl fan fertellen is ‘modern’: saaklik, spotsk en ûnmeilydsum. Halbertsma syn proaza is kearneftich en sober, bytiden útskaaiend nei it obsene, de ‘nocht oan ûnnocht’ sa’t Halbertsma it sels neamde: it laitsjen om it ûnbehoarlike of lugubere. “Hja tilden de deakiste op in strontwein en setten de húsketonne fan master, dy’t lege wurde moast, derneist en sa rieden se mei baarnende lantearnen nei it grêf ta. Dêr kommende lieten se de kiste ûndersteboppen yn it grêf tommelje, sadat muoike Wypk mei de noas nei ûnderen en it gat yn ’e hichte telâne kaam.” It ferhaal is redigearre en tagonklik makke foar in breed publyk troch skriuwer Sjoerd Bottema.
€ 16,50
Paperback
 
In de winkelwagen Vandaag voor 20:00 besteld,
vandaag verzonden.
Wenslijst Stel een vraag
In de winkelwagen Vandaag voor 20:00 besteld,
vandaag verzonden.
Wenslijst Stel een vraag
Gratis verzending vanaf
€ 19,95 binnen Nederland
Schrijver
Halbertsma, Joast Hiddes
Titel
It heksershol
Uitgever
Elikser B.V. Uitgeverij
Jaar
2026
Taal
West-Fries
Pagina's
144
Gewicht
179 gr
EAN
9789463658676
Afmetingen
202 x 136 x 16 mm
Bindwijze
Paperback

U ontvangt bij ons altijd de laatste druk!


Rubrieken

Boekstra