Tusken twa planeten

Diel 12 fan ‘In Fryske Odyssee’

Omschrijving

Tusken twa planeten is it tolfde boek yn de rige fan In Fryske Odyssee. Dêryn is it libbensferhaal fan Bouke Blomhof opnommen, boer oan de Fluezen by It Heidenskip. Dit ferhaal is in ûnderdiel fan tal fan oare ferhalen, libbensbeskriuwings, mytyske teksten, novellen en romans, dy’t allegear in relaasje hawwe mei it libben fan de haadpersoan. De grutte roman oer de Blomhofs is de reade trie dy’t troch it gehiel rint. Yn Mei it Mystearje, Mei Russyske Mystearjes, It Godsmystearje, Mysterieuze krêften, Bertekrêft, Krêftfjilden, Krêft fan it folk en Mei gidsen nei hichten wurdt it libben fan Bouke beskreaun fan syn bernejierren ôf (1944) oant en mei 1996. Yn Tusken twa planeten ferkeart de ierde noch yn in primitive faze. De jonge geitehoeder Mardoek makket de lâning mei fan in romteskip fan de tolfde planeet. Hy wurdt troch de astronauten meinommen nei An. Op dizze planeet is de tsjinstelling tusken twa stêden grut. Anstêd hat in hege technologyske ûntwikkeling trochmakke, wylst Alterstêd noch yn de ambachtlike faze ferkeart. Mardoek komt yn oanrekking mei sawol wittenskiplike as religieuze ferdwazing.
€ 22,95
Paperback
 
In de winkelwagen Bestel vandaag,
ontvang het binnen 5 tot 8 werkdagen.
Wenslijst Stel een vraag
In de winkelwagen Bestel vandaag,
ontvang het met 5 werkdagen.
Wenslijst Stel een vraag
Gratis verzending vanaf
€ 19,95 binnen Nederland
Schrijver
Tjerkstra, Willem
Titel
Tusken twa planeten
Uitgever
Aspekt B.V., Uitgeverij
Jaar
2021
Taal
West-Fries
Pagina's
314
Gewicht
531 gr
EAN
9789464247633
Afmetingen
231 x 151 x 28 mm
Bindwijze
Paperback

U ontvangt bij ons altijd de laatste druk!


Rubrieken

Boekstra