Oerbleaune Rimen en Teltsjes

Fan de bruorren Halbertsma

Omschrijving

De Rimen en Teltsjes hearre ta de klassiken fan de Fryske literatuer. It is it sammelwurk fan de bruorren Eeltsje, Tsjalling en Joast Halbertsma, dat mear as oardel iuw lyn foar it earst útkaam. It waard faak werprinte en ek oanfolle, mar dochs binne net alle literêre dichten en stikken fan de bruorren útjûn. Undersyk fan Philippus Breuker nei harren teksten levere sa’n sechstich ûnbekende stikken op. It giet benammen om teksten fan Eeltsje en Tsjalling, dy’t skreaun binne tusken 1812 en 1857. Yn Oerbleaune Rimen en Teltsjes komme dy nije stikken oan it ljocht, foarsjoen fan ynliedende skôgingen en taljochtingen oan de hân fan brieven fan en oan de bruorren Halbertsma en har bern. Sa is mei dizze útjefte dan einlik it literêre wurk fan de grûnlizzers fan de Frysktalige literatuer kompleet beskikber. Philippus Breuker (1939) publisearret oer skiednis, taal en literatuer fan Fryslân. Earder ferskynde fan syn hân Eelko Alta (1723-1798), De keunst as útwei en Fryslân yn de Gouden Iuw.
€ 22,90
Paperback
 
In de winkelwagen Vandaag voor 20:00 besteld,
vandaag verzonden.
Wenslijst Stel een vraag
In de winkelwagen Vandaag voor 20:00 besteld,
vandaag verzonden.
Wenslijst Stel een vraag
Gratis verzending vanaf
€ 19,95 binnen Nederland
Schrijver
Breuker, Philippus
Titel
Oerbleaune Rimen en Teltsjes
Uitgever
Uitgeverij Bornmeer
Jaar
2025
Taal
West-Fries
Pagina's
216
EAN
9789464713787
Bindwijze
Paperback

U ontvangt bij ons altijd de laatste druk!


Rubrieken

Boekstra