Wittenskip en Beweging - Skôgings oer wurk en stribjen fan prof. dr. Tony Feitsma

Omschrijving

It boek Wittenskip en Beweging befettet in alvetal skôgings fan foaroansteande wittenskippers oer it wurk fan prof.dr. Anthonia (Tony) Feitsma (1928-2009). Feitsma wie net allinne in lang skoft professor Frysk yn Amsterdam, mar ek in fûleindich striidster foar it Frysk; dêrby mijde se de konfrontaasje perfoarst net. Boppedat wie Tony Feitsma yn de sechstiger jierren ien fan de oprjochters fan de FNP. Yn - letterlik - tûzenen stikken hat Feitsma yn kranten, tydskriften en boeken skreaun en wreaun oer it Frysk en syn posysje yn de maatskippij. Boppedat hat se yn de santiger jierren besocht om in eigen stavering te yntrodusearjen, dy't slim ôfwykte fan de gongbere. It boek befettet as bylage in folsleine list fan al har stikken. Wittenskip en Beweging is in útjefte fan Utjouwerij Wijdemeer, op inisjatyf fan it Feitsma Fûns ('Fûûns fwar it Frysk'). Meiwurkers: Henk Meijering Alex Riemersma Jarich Hoekstra Philippus H. Breuker Arjen Versloot Jan Noordegraaf Anne Dykstra Hindrik Sijens Jan Popkema Liuwe H. Westra Redaksje Anne Tjerk Popkema Lolke Folkertsma Redbad Veenbaas Alex Riemersma Boekfersoarging: Peter Boersma
€ 25,00
Hardback
 
In de winkelwagen Bestel vandaag,
ontvang het binnen 5 tot 8 werkdagen.
Wenslijst Stel een vraag
In de winkelwagen Vandaag voor 20:00 besteld,
vandaag verzonden.
Wenslijst Stel een vraag
Gratis verzending vanaf
€ 19,95 binnen Nederland
Schrijver
Titel
Wittenskip en Beweging - Skôgings oer wurk en stribjen fan prof. dr. Tony Feitsma
Uitgever
Wijdemeer Louw Dijkstra
Jaar
2015
Taal
West-Fries
Pagina's
300
Gewicht
572 gr
EAN
9789492052131
Afmetingen
237 x 154 x 30 mm
Bindwijze
Hardback

U ontvangt bij ons altijd de laatste druk!


Rubrieken

Boekstra