Libbe

Claus, Marga

Omschrijving

Yn Libbe bewûnderet Gryte de fysike en mentale sûnens fan har heit, de fleurige en dissiplinearre njoggentich-plusser Libbe Jongstra: hy sport, hat in breed sosjaal netwurk, is aktyf dwaande mei sinjouwing en hat de toutsjes sels yn hannen. De bynamme ‘Kracht’, dy’t er as skoaljonge fan syn maten krige, wie grif in foarteken. It moat wenne dat se net mear yn itselde doarp wenje, foaral as op in winterske dei de telefoan giet en de buorfrou fan Libbe meldt dat hy de foardoar net iependocht… Libbe is de fitale fariant fan de romanpersonaazje Hendrik Groen, bliid yn syn persoanlike ‘blue zone’, dêr ’t minsken langer, sûner en lokkiger libje. Dêr’t in bûtengewoan heech persintaazje hûndert jier wurdt en stjergefallen op middelbere leeftiid it minst foarkomme. ‘Libbe Blau’ soest him neame kinne. Ik naam de bestseller fan Groen foar Libbe mei, mar alle kearen as ik by him kaam, lei it boek noch op deselde hoeke fan ’e tafel. (…) Libbe is in ferhaal oer manieren fan âlder wurden, oer fergonklikens en loslitten, en oer de bysûndere bân tusken in heit en in dochter. De parse oer de roman: ‘Marga Claus hâldt de komposysje strak en soarget derfoar dat de symbolyk of alles sizzende oankundiging it goede gewicht hawwe. Sa fernimme je geandewei hoe’t je oprjocht fan ien hâlde kinne’ (Jaap Krol, FD 16-11-2024).
€ 24,50
Paperback
 
In de winkelwagen Vandaag voor 20:00 besteld,
vandaag verzonden.
Wenslijst Stel een vraag
In de winkelwagen Vandaag voor 20:00 besteld,
vandaag verzonden.
Wenslijst Stel een vraag
Gratis verzending vanaf
€ 19,95 binnen Nederland
Schrijver
Claus, Marga
Titel
Libbe
Uitgever
Afûk
Jaar
2024
Taal
West-Fries
Pagina's
272
Gewicht
377 gr
EAN
9789493318434
Afmetingen
213 x 142 x 25 mm
Bindwijze
Paperback

U ontvangt bij ons altijd de laatste druk!


Rubrieken

Boekstra